Willem Tjerkstra In Fryske Odyssee: Krêft fan it folk

    18.95

    In Fryske Odyssee: Krêft fan it folk - Willem Tjerkstra

    Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy’t allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy’t troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij ‘Prosesje yn it gûvernemint Koersk’ fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him ûnderdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij ‘Presidint Lincoln hâldt in rede’ fan de Frânske skilder Jean-Léon Gérôme’ sprekt ek fan ienheid, nei de skieding en boargeroarloch tusken de noardlike en súdlike steaten fan de Feriene Steaten. Trije keunstners yn It Heidenskip litte yn de galery fan Minke Blomhof-Bonnema keunstwurken sjen dêr’t in protte folk op ôf komt: de krêft fan it doarpsfolk, hoewol’t ien fan dy keunstners op ôfstân bliuwt. It folk, grut of lyts, is altyd ûnderweis nei in bestimming dêr’t gjin sprake mear is fan de paradoks fan ienheid en skieding.
    lees meer

    Specificaties

    AuteursWillem Tjerkstra
    Soort artikelLiteratuur
    Uitvoering boekPaperback
    Aantal pagina's236
    Jaar van uitgifte2021
    ISBN9789464243802
    EAN9789464243802
    bekijk alle specificaties

    Reviews

    Dit artikel heeft nog geen reviews

    Laat je verrassen

    Ontvang de laatste acties, nieuwe mode en persoonlijke tips in je mailbox.

    Toegevoegd aan je winkelmandje

    kies je maat

    WannaGive Days
    Shop nu

    Categorieën

    Mijn account
    Help